terug | Laatste nieuws - Lêste nijs |
|
11 febrewaris | Boekenijs is út! Tsien harkboeken fan Audiofrysk wurde presintearre yn dizze kleurrike krante fan It Fryske Boek. De Fryske boekewike barst los op 21 febrewaris mei it boekefeest yn de Harmonie yn Ljouwert. It beslút is op snein 8 maart, as fergees mei it iepenbier ferfier yn Fryslân reizge wurde kin op fertoan fan it geskink FEESTLIFT. |
![]() |
20 jannewaris | Fokus Fryslân Hjoed is it 4de en lêste diel fan de Fokus Fryslan rige ferskynd: Leauwen yn Fryslân. |
![]() |
4 desimber | Twa nije harkboeken beskikber by Audiofrysk: |
![]() ![]() |
1
![]() ![]() ![]() ![]() |
Boekemerk Drachten - Presintaasje Audiofrysk Wethâlder Veenstra fan Smellingerlân krige De tiid stie even stil en Spikergek oerlange troch Jan Schotanus fan Audiofrysk. Fan Henk Halfman fan Luisterrijk krige hy in downloadbon foar De mjitte en De ûnmooglike reis fan de Santa Maria. By de berneboeken koe in cd ôfharke wurde en sommige bern giene dêr hielendal yn op. By Luisterrijk hongen twa koptelefoans oan in iPod mei de Fryske harkboeken der op. Omrop Fryslân radio en tv wiene der by en makken koarte reportaazjes. |
|
11 septimber | Parseberjocht nei de Fryske deiblêden en OF Sawol de Ljouwerter as it Deiblêd hawwe tongersdei 11 sept. oandacht bestege oan Audiofrysk. Ek wie der woansdei al in fraachpetear op Omrop Fryslân radio. It parseberjocht is hjirnjonken as pdf del te laden. Ek it artikel yn it Friesch Dagblad is werom te lêzen by Yn de media op Audiofrysk. |
|
29 augustus | Audiofrysk te gast bij Luisterrijk, sponsor van de openluchtvoorstelling in het Amsterdamse Bos. Contacten met andere audioboekuitgevers en daarna de voorstelling Zomergasten van Maxim Gorki. | ![]() |
22 augustus | 'Jorwert brekt olympysk applausrekord' |
|
9 juny | It sânde Mentha Minnemaboek stiet online: Mentha Minnema en it wettermystearje. | |
3 maaie | De teller fan de audiofrysk downloadpagina giet oer de 1000! In moaie mylpeal nei in healjier opbouwen. | |
17 april | Yldau Bylsma wint it sjongfestival foar middelbere skoalbern SJONG yn Frjentsjer. | |
1 april | Harkspultsjes binne no op de skoalradio. Skoalradio foar de jongste groepen fan de basisskoalle. 'Der wie ris...' is in harkspulsearje dêr't alle kearen in mearke yn ferteld wurdt. Alve mearkes binne troch DAT tekstbureau bewurke ta harkspultsjes. As begeliedend materiaal is der in nifelplaat makke foar de beukers. De mearkes dy't yn dit twadde seizoen oan bod komme binne: De wolf en de sân geitsjes; Frou Holle; Readkapke Jiskepûster; Taffeltsje dekje; Sniewytsje Tiisdeis om 9.00 oere op OF. |
|
18 maart | Op audiofrysk binne no al njoggen boeken online te hearren. Bibleteken hawwe de earste cd's besteld, dat se binne strak ek te lienen. De opnames foar de lêste Mentha Minnema's binne yn gong setten. Meikoarten is dy searje dan folslein as audioboek beskikber. |
|
Alder nijs | 2007 2007/8 |