op woansdei 9 juny 2010
Klik hjir foar it sjueryrapport.
Útrikking Bongelboekepriis NHL Fan 'e middei is op c.s.g. Liudger yn Burgum de Bongelboekepriis fan de NHL foar Fryske jeugdliteratuer útrikt. De priis wie troch de studinten Frysk takend oan de skriuwers fan de nije rige "De Traveliers", útjûn troch de Afûk. De trije skriuwers, Anny de Jong, Auck Peanstra en Jan Schotanus, waarden yn in les Frysk troch de learlingen fan in earste klasse HAFU/FWU befrege oer harren boeken en de gearwurking by it skriuwen mei har trijen. Yn de rige binne yntusken trije dielen ferskynd en steane de folgjende trije op steapel. Guon learlingen hienen de boeken lêzen en twa fan harren dienen mei oan in kwis dy't lieden waard troch Anny de Jong. Hoewol't der mar ien winner wie, krigen beide bern in boek út de searje mei dêryn de hantekenings fan de trije skriuwers. |
Jan Schotanus, Anny de Jong en Auck Peanstra.
Anny de Jong organisearret in kwis oer De Traveliers It goud fan de Aboriginals.
Dieuke en Wouter witte omtrint like folle.
De oare bern folgje beide kandidaten en moedigje har oan.
It foarlêzen fan it skueryrapport wurdt raar ûnderbrutsen troch de binnenkomst fan twa reizgers,
dy't erfare woene hoe't it is as Travelier.
Sjueryfoarsitster Liuwkje Everts dielt de oarkondes út.
Sjuerylid Jacob Kingma hat in wrâldbol en in medalje fan de Bongelboekpriis foar de skriuwers.
Ta beslút lêst Auck Peanstra in stikje foar út har nijste Traveliers boek: Kantsjeboard op Kurasao.
Op de achtergrûn it tredde sjuerylid, Lieukje Leistra.
Foto's DAT tekstbureau, Marja Schotanus